Life Long Learning

Lesplannen

Poliglotto: Talen yn Europa – Learmateriaal foar ûnderwizers

Mei de publikaasje fan „Poliglotto – Talen yn Europa“ biede wy learkrêften yn it basisûnderwiis lesplannen oan, sadat se it ûnderwerp taalferskaat yn Europa makliker yn harren lessen ynpasse kinne.

It bysûndere fan dizze publikaasje is foaral dat de minderheidstalen en de lytse talen yn Europa deryn behelle binne.

Yn de gids foar de learkrêft stiet koarte ynformaasje oer minderheidstalen yn Europa en wurde ideeën jûn oer hoe’t it ûnderwerp yn ‘e lessen ynpast wurde kin. Fierder binne der ynlisblêden foar learlingen mei konkrete lesideeën. Dy kinne kopiearre, of as orizjineel útdield wurde oan de bern.

Poliglotto is gaadlik foar de ûnderbou fan de basisskoalle.

De metoade is perfoarst net ornearre as in kant-en-kleare ûnderwiisrige, mar as in samling ideeën dy’t nei eigen ynsjoch brûkt wurde kin.