De stikker mei de slogan „It is nea te let… Ientaligens is te genêzen!“ is by ús aksjes altyd wakker populêr. We hawwe dizze provosearjende slogan al yn 43 talen oerset.
De stikker fersterket it selsbewustwêzen fan sprekkers fan minderheidstalen en freget omtinken foar alle talen. Benammen by meartalige eveneminten is it spannend foar de dielnimmers om út in hiele steapel stikkers syn of har eigen taal te sykjen, of om samar ien te krijen en te besykjen om út te finen hokker taal oft dat is.
We binne altyd wiis mei oersettings yn noch mear talen, dus stjoer ús in mail ast dyn eigen taal noch mist. De stikkers binne te bestellen foar eveneminten, kampanjes ensafh., yn safolle talen ast mar wolst, of se kinne kinne ek download wurde.