In hiel bysûnder drankje, dat by gjin inkelde aksje fan ús taalrêders ûntbrekke mei! It jout dy de nedige enerzjy, sadatst it uterste út dysels helje kinst, en it jout dy wjukken ast ús helpe wolst.
Wy hawwe it by de EUROPEADA foar it earst brûkt as enerzjydrankje foar de fuotballers en om de geast skerp te hâlden. Us ferskaat-drankje wie dêr echt in boppeslach. Ien slokje, en begjinst as fansels ferskillende talen te praten!