Life Long Learning

Wa binne wy?

Thús yn de regio, sterk yn Europa, divers mei ús talen!

 

Language diversity is in twajierrige Europeeske kampanje, dy’t minsken bewust meitsje wol fan meartaligens en taalferskaat yn Europa.

Wy slute ús oan by de Europeeske doelstelling oer meartaligens – alle Europeanen soene neist harren memmetaal twa oare talen behearskje moatte – en wolle minsken oantrúnje en motivearje om talen te learen en har foarljochtsje oer de foardielen fan meartaligens.

We lizze ús der benammen op ta om de erkenning fan en wurdearring foar regionale en minderheidstalen te fergrutsjen en sadwaande by te dragen oan it behâld fan it taalferskaat yn Europa. In wichtich ûnderdiel fan it projekt is it ûntwikkeljen fan kontekst- en doelgroepspesifike  tools en produkten  om minsken bewust te meitsjen fan taalferskaat en om ynformaasje oer it ûnderwerp troch te jaan. Dêrby basearje wy ús op de nijste wittenskiplike befinings oer de positive ynfloed fan meartaligens.

Us language diversity team stipet eveneminten mei regionale, nasjonale en Europeeske ynfloed,  op it mêd fan sport, kultuer en jongerein.

We meitsje gebrûk fan de mooglikheden fan sosjale netwurken en sosjale kampanjes op it ynternet, benammen Facebook en YouTube.

Mei sizze webside wolle we elkenien dy’t ynteressearre is útnoegje om mear út te finen oer de ûnderwerpen meartaligens en taalferskaat, en benammen oer de regionale en minderheidstalen fan Europa. De kampanje wurdt finansjeel stipe troch de Europeeske Kommisje (2012-2013).

 

Language diversity stribbet de folgjende doelen nei:

  • Omtinken freegje  foar meartaligens en taalûnderwiis yn Europeeske kontekst
  • Bewustmeitsje fan meartaligens en motivearje om talen te learen
  • Wurkje oan positive byldfoarming fan meartaligens en taalferskaat, mei klam op de foarkommende regionale talen,  troch it fersterkjen fan de erkenning foar de wearde fan regionale en minderheidstalen foar Europa
  • It kreëarjen fan taalfreonlike omjouwings en it leverjen fan in bliuwende bydrage oan it behâld en posityf ynsetten fan it taalferskaat yn Europa
  • Sichtberens fan meartaligens en taalferskaat

language diversity banner