Life Long Learning

PLYSJE

Thús yn ‘e regio, sterk yn Europa, 
de taalferskaatplysje beskermet ús talen!

It fjirde teamlid is de plysje. Hy beskermet de minderheidstalen, soarget foar mear bekendheid oer it ûnderwerp en hy komt yn aksje as der swierrichheden binne. As grinswachter set er him yn foar begryp tusken minsken mei in ferskillende kulturele eftergrûn en taal.

De plysje fiert „kontrôles“ út, bygelyks troch middel fan in taalkwis of troch minsken op strjitte te ferrassen mei in ûnferwachte begroeting yn in minderheidstaal. By sokke „kontrôles“ giet it derom dat it posityf op de minsken oerkomt en dat de oansprutsen persoan op boartlike wize yn oanrekking komt mei it ûnderwerp meartaligens en taalferskaat.