Life Long Learning

Partners

partner_FUEV

FUEN – Federale Uny fan Europeeske Befolkingsgroepen 
De FUEN (Federal Union of European Nationalities) is de oerkoepeljende organisaasje fan de Europeeske autochtoane minderheden. De FUEN is yn 1949 oprjochte en fertsjintwurdiget mear as njoggentich organisaasjes fan Europeeske minderheden út mear as tritich Europeeske lannen.

De FUEN set him, yn oerienstimming mei syn karbrief en it Europeesk Hânfest foar autochtoane, nasjonale minderheden, yn foar it behâld en it fuortsterkjen fan de identiteit, taal, kultuer, rjochten en karakteristike skaaimerken fan Europeeske minderheden. De FUEN fertsjintwurdiget de belangen fan Europeeske minderheden/befolkingsgroepen op regionaal, nasjonaal en benammen op Europeesk nivo, en is wurdfierder foar de minderheden by ynternasjonale organisaasjes, benammen by de Europeeske Uny en de Ried fan Europa en ek by de UNO en OSZE.

De FUEN leit him ta op it behâld fan taalferskaat en it aktyf befoarderjen fan it brûken fan de minderheidstalen. Doel is it ûntwikkeljen fan in gearhingjende taalpolityk dêr’t de regionale en minderheidstalen yn behelle binne. De FUEN is in organisaasje mei gâns ûnderfining op it mêd fan taalpolityk en it behâld fan taalferskaat.

Kontakt

FUEN / FUEV
Federal Union of European Nationalities

Föderalistische Union Europäischer Volksgruppen
Schiffbrücke 41
D-24939 Flensburg
Dútslân

Tel.: +49 461 128 55
Faks: +49 461 180 70 9

Email: info@fuen.org
Ynternet: www.fuen.org
Facebook: www.facebook.com/FUEN.FUEV.UFCE

 

 

partner_JEV

YEN – Jongerein Europeeske Befolkingsgroepen
It haaddoel fan de YEN is it beskermjen en fuortsterkjen fan kultuer, taal, identiteit en rjochten fan autochtoane, nasjonale minderheden. Under it biedwurd „Living Diversity – Ferskaat libje“ set de YEN him yn foar it behâld fan taal- en kultuerferskaat fan Europa en foar in maatskippij dy’t basearre is op wearden as tolerânsje, gelikensens, ferskaat, meartaligens en net-diskriminearjen.De YEN  (Youth European Nationalities) is in netwurk fan fjirtich jongereinorganisaasjes fan Europeeske autochtoane nasjonale minderheden. De YEN set him yn foar de belangen fan Europeeske minderheden en rjochtet him dêrby benammen op de jongerein fan dy minderheden. Yn `e mande mei de lidorganisaasjes stribbet de YEN nei it opsetten fan in dynamysk en libben netwurk van jongereinorganisaasjes út alle minderheden yn in multykultureel en meartalich Europa.

De YEN rjochtet him benammen op it wurkjen mei  jongerein en jongfolwoeksenen. De kontakten dy’t dêrtroch ûntsteane en de kennis oer kultuerferskaat en minderhedeproblematyk dy’t sadwaande ferspraat wurdt, stimulearje de jongelju om har selsbewust op te stellen as pleitbesoargers fan har eigen minderheid en foar Europeeske minderheden yn it algemien.

Kontakt

YEN – JEV
Youth of European Nationalities

Jugend Europäischer Volksgruppen

Postfak 640228
D-10048 Berlyn
Dútslân

E-Mail: office@yeni.org
Ynternet: www.yeni.org
Facebook: www.facebook.com/yeni.org

 

 

partner_WITAJ

Domowina / WITAJ-Taalsintrum

De Domowina is in polityk ûnôfhinklik en selsstannich bûn fan de Sorben en de oerkoepeljende organisaasje fan de Sorbyske verieningen yn Neder- en Opper-Lausitz (Dútslân). It bûn fertsjintwurdiget de belangen fan de Sorbyske befolking en is benammen aktyf yn de bûnslannen Brandenburch en Sachsen, yn dy parten dêr’t de Sorben wenje.Sûnt de oprjochting, yn 1912, set de Domowina him yn foar it behâld, it fuortsterkjen en de fersprieding fan de taal, kultuer en tradysjes fan de Sorben. It is in oerkoepeljende organisaasje foar de Sorben en Sorbyske ferienings, dy’t harren belangen fertsjintwurdiget tsjinoer parleminten, ynstituten en bestjoeren op gemeentlik, regionaal, nasjonaal  en ek ynternasjonaal nivo.

It  WITAJ-Taalsintrum is yn 2001 oprjochte as in selsstannige ôfdieling fan de Domowina – it Bûn fan Lausitzer Sorben. It Taalsintrum sit yn Bautzen/Budyšin. Yn Cottbus/Chośebuz is in ôfdieling dy’t ferantwurdlik is foar Neder-Lausitz.

It wurd witaj betsjut goeie/wolkom.

De wichtichste taak fan it WITAJ-Taalsintrum is it ûntwikkeljen fan aktiviteiten foar it behâld en de fersprieding fan it Heech- en Leechsorbysk. Dêrneist giet it om it trochjaan fan de Sorbyske talen yn pjutteboartersplakken en op skoallen. It sintrum organisearret ek ûnderwiis foar folwoeksenen, yn de foarm fan taalkursussen en opliedingen foar de leararen fan dy taalkursussen.It taalsintrum stelt nijsgjirrige en moderne learmiddels beskikber foar alle minsken dy’t Sorbysk leare wolle en organisearret taalprojekten mei ûnderwiis dat rjochte is op it ûnderfining krijen. It WITAJ-taalsintrum is  útjouwer fan it bernetiidskrift „Płomjo“ en it tiidskrift foar ûnderwizers „Serbska šula“ („Sorbische Schule“).

Kontakt
Domowina − Bund Lausitzer Sorben e. V.
WITAJ-Sprachzentrum Bautzen

Postplatz 3
02625 Bautzen
Dútslân

Tel.: 03591 / 550 400
Fax: 03591 / 550 375

E-Mail: witaj-bautzen@sorben.com
Ynternet: www.witaj-sprachzentrum.de
Facebook: www.facebook.com/domowina.witajsprachzentrum

 

 

partner_vog

SYNEUPEDIA VoG  (Synergyen foar Europeeske Pedagogyk) 

De Dútskstalige Mienskip yn België is in selsstannige organisaasje, dy’t diel útmakket fan de federale steatsstruktuer fan België.

SYNEUPEDIA VoG is in organisaasje fan betûfte ûnderwizers út ûnderskate Europeeske lidsteaten, dy’t al mei súkses meiwurke hawwe oan ferskillende Europeeske projekten en organisaasjes. It doel fan SYNEUPEDIA is om ûnderwiisinisjativen en projekten te stimulearjen en publikaasjes fan de Europeeske Uny ta te rieden. De feriening bestiet út yndividuen, ferienings, stichtingen, ynstituten en ûndernimmings.

Kontakt
Syneupedia VoG

Asteneter Straße 61
B-4711 Walhorn
Belgie

E-Mail: geonickuppens@hotmail.com

 

 

partner_wachstumszentrumRegio Syddanmark en syn Groeisintrum – Súkses foar de Dútsk-Deenske regio

De Regio Syddanmark beslacht it suden fan Noard-Jutlân (noard fan de rivier de Kongeå), it noardlike part fan Súd-Jutlân (súd fan de Kongeå) en it eilân Funen (Fyn). De haadstêd is Vejle. De Regio rjochtet him benammen op de sûnenssoarch. Dêrneist is de organisaasje ferantwurdlik foar de regionale ûntwikkeling en de Dútsk-Deenske gearwurking oer de grins hinne. Súd-Denemarken hat 1,18 miljoen ynwenners; sa’n treddepart fan de ynwenners fan dizze regio kent Dútsk en Deensk. De Regio Syddanmark is de grutste wurkjouwer, mei likernôch 25.000 meiwurkers.

De Regio Syddanmark is  de wichtichste dielnimmer yn it projekt „Groeisintrum – Súkses foar de Dútsk-Deenske regio“. It Groeisintrum wol derta bydrage dat de regio noard fan Sleeswyk-Holstein him ûntjout fan in grinsregio ta in groeiregio. Dat moat yn trije fazen realisearre wurde.

Yn dit kearnprojekt binne alle wichtige organisaasjes út de hiele regio Súd-Denemarken -Sleeswyk-K.E.R.N. byinoar brocht en wurkje se gear om de foardielen fan in grinsregio en de sterke punten fan dizze regio foar it fuotljocht te bringen. It Groeisintrum-projekt rint oant 31 desimber 2013 en wurdt stipe troch it Europeesk Fûns foar Regionale Untjouwing.

Kontakt
Wachstumszentrum
Vækstcentret

Plantagevej 4
DK-6330 Padborg
Denemarken

Tel.: +45 73 67 41 26

E-Mail: info@vaekstcentret.eu
Ynternet: www.wachstumszentrum.eu