RML2future Netwurk foar meartaligens en taalferskaat yn Europa
De Europeeske bewustwurdingskampanje language diversity is fuortkommen út it wurk fan RML2future , it netwurk foar meartaligens en taalferskaat yn Europa. Dat netwurk hat as doel om meartaligens en taalferskaat yn it Europa fan de 21e ieu te stimulearjen. Mei finansjele stipe fan de Europeeske Kommisje is it netwurk yn trije jier tiid – fan 2009 oant 2012 – troch ferskillende partners yn hiel Europa opboud. It besiket om safolle mooglik regionale en minderheidstalen (RML) by syn aktiviteiten te belûken.
It is nedich om ta mear wurdearring te kommen foar regionale en minderheidstalen. Dêrta is de bewustwurdingskampanje language diversity opset, dy’t him mei help fan moderne ynformaasje- en kommunikaasjetechnology benammen rjochtet op de lju yn de regio’s sels.
It netwurk RML2future is dus it ramt en it fûnemint dêr’t language diversity út ûntstien is. It netwurk stipet ús kampanje troch de risseltaten fan dy trije jier wurk troch te dwaan oan it language diversity team. It netwurk RML2future hat yn gearwurking mei ferskillende partners konferinsjes en promoasjetoernees organisearre, promoasje- en ynformaasjemateriaal oer Europeeske meartaligens en taalferskaat ûntwikkele, en dokumintaasje, artikels en hantliedings publisearre. Dy binne allegear te finen yn it argyf op ús website.
It netwurk RML2future rjochtet him op ferskate mêden, lykas: iere meartaligens, taalsertifikaasje, folwoekseneûnderwiis, taalplenning en taalpolityk. Om safolle mooglik te profitearjen fan besteande regionale struktueren wurket it netwurk gear mei minsken út de praktyk, saakkundigen en bestjoerders, en siket it de nedige know-how op it mêd fan taalplanning en taalpolityk by de dielnimmers. It netwurk moat útgroeie ta in ekspertizesintrum op it mêd fan regionale en minderheidstalen en meartalige regio’s. RML2future is basearre op de mear as hûndert organisaasjes fan Europeeske autochtoane, nasjonale minderheden dy’t lid binne fan de FUEN (Federal Union of European Nationalities) en de YEN (Youth European Nationalities).
De doelen fan it netwurk: