Life Long Learning

Osterseminar 2013

Osterseminar2-s

t language diversity team yn Fryslân

Fan 23 oant 29 maart 2013 naam it language diversity team diel oan it Peaskekongres fan de YEN (Youth International Nationalities) yn Grou.

Op it kongres wiene mear as njoggentich fertsjintwurdigers út fiifentweintich ferskillende lannen, lykas de Noard-Friezen, Denen, Sorben en West-Trasyske Turken út Dútslân, de  Kasjûben út Poalen, de Karintyske Slovenen en de Burgenlandkroäten út Eastenryk,  de Ladiners en Dútsers út Súd-Tirol en de Aromûniërs  út Albanië, Masedoanië, Servië en Roemenië.

Us team wie der de hiele wike by en fierde kampanje foar meartaligens en taalferskaat yn de regio Fryslân. It wie ek foar it earst dat ús „taalferskaatplysje“ yn aksje kaam.

Mei help fan mear as hûndert kongresdielnimmers hawwe wy ferskillende spontane akjes hâlden yn it doarp Grou. Yn it sintrum fan Ljouwert hawwe wy in grutte Flashmob organisearre om de oandacht fan de pleatslike befolking  te fêstigjen op taalferskaat en minderheden yn Europa.  Us doel wie om jonge minsken út hiel Europa yn te setten as promotors fan taalferskaat en sadwaande de foarbygongers yn Ljouwert en Grou bewust te meitsjen fan taalferskaat. We ha de Fryske minderheid, mar ek de Nederlânsktalige mearderheid fan de befolking sjen litten dat wy de Fryske taal wichtich fine en dat der yn Europa neist it Frysk noch in hiele protte oare talen binne. Mei grutte buorden mei teksten yn ferskillende talen en opfallende groepspoazes lutsen we de oandacht fan minsken op strjitte. Dy moasten dan, foardat se fierder koene, troch in „taalpoarte“ hinne, besteande út twa fertsjintwurdigers fan in minderheidstaal, dy’t har dêrnei learden hoe’t je „goeie“ en „tsjoch“ sizze yn it Deensk, Kroätysk, Sorbysk, Aromûnysk en in protte oare talen. Fierder hawwe we hiel wat minsken bliid makke mei ús snobbersguod en oare fleurige produkten mei de spreuk: „Praat mar Frysk“.

We hawwe fraachpetearen oer taal en identiteit hâlden mei jonge dielnimmers út hiel Europa, mar benammen mei bewenners út de doelregio’s fan ús kampanje – lykas Lausitz en de Dútsk-Deenske grinsregio. Dy fraachpetearen binne, lykas ús oare aktiviteiten, fêstlein yn koarte filmkes en Podcasts.

Boppedat hat ús team kontakt lein mei de Afûk , de promotor fan de Fryske taal, en wichtige ynformaasje útwiksele oer de kampanje „Praat mar Frysk“.

 

Mear foto’s: http://pinterest.com/languaged/

Podcasts:

 

Osterseminar1-s
Osterseminar3-s
Osterseminar4-s
ConneXt2013-s