Life Long Learning

Ynternasjonaal Folkloare Festival “Łužica/Lausitz/Lusatia”

Folklorefestival

Folkloare Festival „Łužica/Lausitz/Lusatia 2013“

Fan 11 oant 14 july 2013 fûn yn Lausitz alwer foar de tsiende kear it Ynternasjonale Folkloarefestifal „Łužica/Lausitz/Lusatia“ plak. Dûns- en folkloareploegen fan de Lausitzer Sorben noegen lykas alle jierren tsien dûnsselskippen út ‘e hiele wrâld út om in ynteressearre publyk in ôfwikseljend en kleurryk programma oanbiede te kinnen.

Domowina – Bund Lausitzer Sorben e.V.  organisearret it festival, yn `e mande mei in protte oare pleatslike partners.

It twatalige Lausitz, in trijehoeke yn it grinsgebiet fan Dútslân, Poalen en Tsjechië, is ien fan de regio’s dêr’t wy ús op rjochtsje mei ús bewustwurdingskampanje foar taalferskaat. It language diversity team wie derby op it Folkloarefestival, we hawwe eftergrûnynformaasje oer alle dielnimmende talen ferspriede en ferskillende aksjes holden. We hawwe benammen minsken besocht te berikken dy’t har oant no ta net bot dwaande hâlden ha mei de ferskillende talen yn de regio.

Folklore Postoffice 3

Wêr is taalferskaat wichtiger as by in feest dêr’t de kulturele tradysjes en ferskillen fierd wurde? Wy hawwe flashmobs, fraachpetearen, spultsjes, podcasts en oare aksjes fan it language diversity team holden! 

 

 

 

 

 

 

Mehr Fotos

 

Mear ynformaasje: www.folklorefestival-lausitz.de

Festival Flyer

Folklore Postoffice 1Folklore Luftballons
FolkloreGroupFolklore Postoffice 2