Life Long Learning

Team

It language diversity team stelt him foar!

Thús yn de regio, sterk yn Europa, fleksibel yn ús aksjes!

Wy – it language diversity team – binne in jonge, dynamyske en sympatike ploech minsken út hiel Europa, altyd warber en yn aksje om ús boadskip út te dragen. Wy fjochtsje foar meartaligens en stimulearje taalferskaat mei ynset fan ferskillende Tools en Assessoires, dy’t meikoarten ek yn ús nije „ferskaat-arkbak“ komme. Wy dogge mei oan allerhande eveneminten en aksjes yn ferskillende regio’s, benammen yn minderheidsregio’s.

Ofhinklik fan de doelgroep, de regio en it evenemint, hawwe wy ferskillende funksjes: wy  „advisearje“, „stimulearje“, „netwurkje“ of wy „rêde“ in minderheidstaal. Wy wurkje mei fjouwer algemien bekende beroppen, dy’t symboalysk binne foar ús aktiviteiten: de brânwacht, de piloat, de trainer en de plysje. It ferskaat sit him sadwaande net allinne yn ‘e  taal, mar wy binne wy ek fleksibel yn ús aksjes. Wy binne breed yn te setten, mar dochs binne ús aktiviteiten altyd dúdlik en werkenber

Wy binne cool en modern, striidfeardich en fol fjoer. Wy binne sportyf en aktyf en wy sette ús mei oertsjûging yn. As language diversity team organisearje wy ferassende Flashmobs, meitsje Podcasts, diele promoasje- en ynformaasjemateriaal út, biede taalkwissen oan en noch folle mear. Wy ha de eagen en earen altyd iepen, oertsjûgje de pleatslike befolking fan de wearde fan ferskaat yn taal en kultuer, roppe op ta aksje en trúnje minsken oan om minderheidstalen te learen.

It language diversity team bestiet út in fêste kearn, dy’t nei beleaven útwreide wurde kin mei minsken út in spesifike regio dy’t de help fan ús team ynropt. Omdat wy sadwaande ferskillende groepen (organisaasjes, ferienings, skoallen) streekrjocht by ús aksjes belûke, fergrutsje wy ús berik en reitsje wy goed thús yn de regio.

Binne jim nijsgjirrich wurden? Jim kinne ús altyd boeke, dan komme wy del en helpe jim om jim taal te promoatsjen. Wy ha der sin oan!

Jim kinne de ideeën fan it language diversity team fansels ek brûke sûnder dat wy der sels by binne. Wy stelle graach ús ideeën, produkten en fasiliteiten ta jim beskikking.