Life Long Learning

TAALFERSKAATTRAINER

Thús yn ‘e regio, sterk yn Europa,
lit dy advisearje troch ús taalferskaattrainer!

As minsken by ús komme om wittenskiplike ynformaasje of as we nei skoallen gean om foarljochting te jaan oer de foardielen fan meartaligens of taalkennis, dan is ús taalferskaattrainer de oanwiisde persoan.

Hy hat in sterk rjochtfeardichheidsgefoel en komt op foar gelikense rjochten foar elkenien. De trainer is kleurriker, jonger en sportiver as de klassike learaar en brûkt ynteraktive learmetoaden. De trainer trunet dy oan om in taal te learen, helpt elkenien om de taal te finen dy’t by him past. Hy jout sels it goede foarbyld en sprekt mear as ien taal.

Hy ljochtet de mearderheidsbefolking foar oer de minderheidstalen en hy is sosjaal en fol fjoer.