agelyk mei it Europeesk fuotbalkampioenskip fan de UEFA – EURO 2012 yn Poalen en Oekraïne, – waard fan 16 oant 24 juny 2012 by de Sorben yn it Dútske Lausitz de EUROPEADA 2012 hâlden, de kampioenskippen fan de autochtoane, nasjonale minderheden van Europa. Ús language diversity-team wie der de hiele wike by.
De EUROPEADA 2012 wie organisearre troch de FUEN , Federale Uny fan Europeeske Befolkingsgroepen en de Domowina , it Bûn fan de Lausitzer Sorben.
Stanislaw Tillich, minister-presidint fan de Frijsteat Sachsen en sels in Lausitzer Sorb, wie beskermhear fan de EUROPEADA 2012. Neist de nasjonale ploech fan ‘e Lausitzer Sorben sels en de titelferdigener, de seleksje fan Súd-Tirol, strieden njoggentjin fuotbalploegen út tolve ferskillende lannen om it kampioenskip fan de EUROPEADA 2012. It gie bygelyks om de Zimbern, in lyts Dútsk taaleilantsje yn Súd-Tiroal; de Oksitanen, in minderheidstaal yn Frankryk mei in pear miljoen sprekkers; n
asjonale minderheden as de Denen yn Dútslân en minderheden sûnder in memmesteat, lykas de Ladiners, de Reto-Romanen en de Karatsjaïers.
Troch de EUROPEADA 2012 as Europeesk sportbarren is der mear omtinken kommen foar de bydrage fan autochtoane, nasjonale minderheden en de regionale en minderheidstalen oan it kultureel ferskaat en har unike ynfloed op de Europeeske regio’s.
Ús language diversity team hat, mei help fan de Youth European Nationalities (YEN) by it evenemint ferskillende lytse kampanjes en aksjes foar meartaligens en taalferskaat hâlden. Fan de wedstriden hawwe we koarte filmkes makke, produkten útdield, fia livestreams kommintaar op de wedstriden yn ferskillende minderheidstalen fersoarge, en promoasje-aksjes, flashmobs en fraachpetearen hâlden.
Neist it fuotbaltoernoai hat ús team him foaral op jongerein en bern rjochte. We gongen by skoallen lâns om de learlingen op in boartlike wize wat te learen oer meartaligens en taalferskaat. Yn de rin fan de wike is de hiele regio mei ús yn ’e kunde kommen. We ha in protte minsken sprutsen, kontakten lein en freonskippen sletten.
Ús fideo’s fan de EUROPEADA: http://www.youtube.com/user/languagediversity
Ús foto’s: http://pinterest.com/languaged/
Mear oer ús aktiviteiten ûnder de EUROPEADA en ús produkten