Life Long Learning

PILOAT

Thús yn ‘e  regio, sterk yn Europa, 
netwurkje mei ús taalferskaatpiloat!

De piloat komt yn aksje as der kontakten lein wurde moatte tusken ferskillende regio’s en talen.  De Dútsk-Deenske grinsregio wol bygelyks omtinken freegje foar de talen fan ‘e buorlannen: echt in putsje foar ús piloat. Ek yn Lausitz wolle se graach mear útwikselje mei regio’s mei ferlykbere problemen. Us piloat bringt se mei-inoar yn kontakt; bygelyks op it Ynternasjonale Folklore Festival Lausitz/Łužica, dêr’t ferskillende kultueren en talen fertsjintwurdige binne.

In piloat genietet fan syn útsjoch en sjocht mei niget del op in kleurrike lânkaart mei in protte ferskaat. Wat soe der in bytsje oan wêze om te fleanen as alles dêr ûnder itselde wie. Hy set ek DY in oare bril op. Hy is foaral gaadlik foar projekten mei bern en jongerein as doelgroep: hy hat ommers in dreamberop en bern fine him „cool“, „modern“ en „aventoerlik“. Hy is him bewust fan syn ferantwurdlikheid – lykas wy; wy witte hoe weardefol itjinge is dêr’t wy ús foar ynsette: ferskaat! It is feitlik de essinsje fan reizgjen, want hoe soe men sûnder ferskaat reizgje en oare kultueren ûntdekke kinne?