Life Long Learning

Europeeske Dei fan ‘e Talen

De Europeeske Dei fan ‘e  Talen yn Lausitz / Łužica
Europäischer Tag der Sprachen_Logo

Is der in gaadliker dei te betinken om taalferskaat en meartaligens te promoatsjen as de Europeeske Dei fan ‘e Talen? Op 26 septimber 2012, de Europeeske Dei fan de Talen, wie it Langage Diversity Team te gast by it Sorbyske skoalle- en moetingssintrum yn Bautzen/Budyšin yn Lausitz.


Dêr fûn yn it ramt fan de ynterkulturele wike fan it distrikt Bautzen/Budyšin de Dei fan de Slavyske kultueren plak. Mei boartlike lesprogramma’s op fjouwer ferskillende nivo’s hawwe wy learlingen fan ferskillende leeftiden foarljochte oer it ûnderwerp meartaligens en taalferskaat, mei spesjale oandacht foar de Slavyske talen. Mei dat doel hiene we û.o. twa ferzjes fan in taalkwis  foar bern of jongfolwoeksenen makke, yn it Dútsk en it Sorbysk. 

Yn dy kwis hifken wy de learlingen harren kennis oer talen, mar ek harren assosjaasjefermogen. By it neibesprek fan ‘e fragen en antwurden koe it language diversity team de goede antwurden yn detail útlizze. Neist de kwis brochten we de learlingen ek it morse-alfabet by en joegen we se in koarte ynlieding yn de ynternasjonale morsekoade; morse is ommers ek in kommunikaasjemiddel, of „in metoade om letters en tekens oer te bringen“. De learlingen moasten in morsekoade ûntsiferje dy’t wy har opjûn hiene (rěč / Sprache / language diversity) en dêrnei sels in koade betinke dy’t by har opkaam by de wurden „taal/talen“.

 

De Europeeske Dei fan de Talen wurdt alle jierren op 26 septimber hâlden op inisjatyf fan de Ried fan Europa yn Straatsburch. De Dei fan ‘e Talen is ynfierd yn 2001, it Europeesk Jier fan de Talen. Op it stuit wurdt op dy dei yn mear as 45 lannen aksje fierd. It doel fan dizze aksjedei is om de wurdearring fan alle talen en kultueren te fergrutsjen en meartaligens yn hiel Europa te befoarderen, út de oertsjûging dat taalferskaat liedt ta mear begryp tusken kultueren en dat taalferskaat ien fan ‘e wichtige bestânsdielen fan it kulturele erfguod fan ús kontinint is. Op dizze dei wurde yn hiel Europa allerhande manifestaasjes organisearre: aksjes mei en foar bern, tv- en radioprogramma’s, taalkursussen en konferinsjes.

Foto’s:

https://www.facebook.com/media/set/?set=a.263228553798798.62223.199367046851616&type=1

 

Europäischer Tag der Sprachen1-sEuropäischer Tag der Sprachen2-sEuropäischer Tag der Sprachen3-s